Piter Wilkens
Piter Wilkens - Opel Manta lyrics
Your rating:
Hee Jolanda dit is myn plan we geane nei't strân, wat seist der fan doch net sa kein, lit dizze kâns net rinne dan sykje we in plakje ûnder de sinne 'k ha efter yn 'e wein wat blikjes bier en de motor rint wer as in liere 't is no noch rom, dus sis net: "Nee!" ja we nimme sa in dûk yn see mar foar it sa fier is myn fanka "We're gonna make love yn myn Opel-Manta" O, Jolanda jild ha'k skoan fakânsjebonnen, it garret aardich oan ik fiel my goed en ik fiel my ryk ja we ride sa oer de ôfslútdyk of giesto leaver nei de Lytse Far my ek bêst do seist it mar Hee Jolanda net frije efter it stjoer mar se sei: "Ammehoela!" en ik joech my oer dat grapke kaam my djoer te stean ik moast mei de plysje nei 't buro ta gean se namen alles fan my ôf en Jolanda sei: "No goeie" en ik wist genôch it strân wie rom mar dat is passé net ik mar myn plannen lizze no yn see ja, it noeget út en it is pikanta mar: "Never make love yn in Opel-Manta".