Piter Wilkens
Piter Wilkens - Omrop Fryslân tv lyrics
Your rating:
Sjoch ik dêr samar ús Jeltsje, sy hat noch dy golbliere snút sy stiet by it riden te razen, no ik doch de tv net mear út yn elke herhelling in glimke fan har read-, wyt- en blau ferve hier dat riden dan kin my neat skele, mar Jel is by ús oer de flier It sei my earst noait wat dat kastsje, mar de frou hat dat ding altyd oan en op in dei doe 't ik thús wie, bleau ik mar sitten, gewoan Is 't net in prachtich idee, ik kom net mear fan it stee wêrom soe ik der út, 'k jou skoanmem no sa wol in tút ek Siebe en Gabe en Germ, sy komme fansels op it skerm de hiele dei sit ik ree foar Omrop Fryslân tv Sjoch ik dêr samar ús Gabe, jonge hoe is it my dy hoe lang is 't net lyn dat wy praten, it is krekt as hast it tsjin my wacht even dan sil ik dy tape, want video dat ha wy ek no kin ik it faaks ek noch brûke en ik sjoch dy a'k wol sa tebek Fryslân by ús yn 'e keamer, fan moarns ier oant jûns let, 't is in lust no sit ik ek sels foar de byldbuis, mar ik sjoch, dat is wis, hiel bewust Sjoch ik dêr samar ús Gerben hy wurket no by 't Wetterskip en yn 'e seal by Tryater, sit Siebe mei Oebele's Sip no wat gesellich famylje, sa komme jim dochs noch ris del en ik hoech net mei kofje te rinnen, en ik bin jim wer kwyt yn in tel Al dy stjoerders, sy bringe itselde, soaps en seks en geweld en it nijs út 'e wrâld wol 'k net sjen want ik wit wol dêr is 't min mei steld