Piter Wilkens
Piter Wilkens - Mei de klompen yn it spul lyrics
Your rating:
It is sa noflik oan 'e fuotten dy bliuwe lekker waarm en droech om yn de tún op om te wrotten of klinkertklossend nei de kroech de measte minsken op 'e strjitte dy fine dat mar flauwekul no ja, dat moatt' se sels mar witte mar wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul It is foar de measten wol wat wennen en oaren laitsje harren slop mar leaver klompen om 'e teannen dan sa'n planke foar de kop in strakke strik is yn de moade en sûnder skuon dan stiest foar lul wy ha de moade foar de kroade want wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul Soms binne wy dronken fan bearenburch en wyn wy sitte der faak njonken en binne in bytsje blyn al ha wy hurde bonken wy binne sêft as in knyn mei klompen oan 'e skonken wy batse oeral yn! Al sit de wrâld fol pommeranten wy lûke ús der neat fan oan en sjoernalisten fan de kranten ha it by ús allang bedoarn hoe serieus de lju ek binne al is de sfear fier ûnder nul wy batse oeral dwers trochhinne want wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul Lakskuon lyk as spegels en trijedielich griis regels binne regels wy bliuwe eigenwiis aftershavers stjonke wy hâlde net fan skyn mei klompen oan 'e skonken wy batse oeral yn! Guon stappe kreas oer alle kûlen en passe harren oeral oan sy prate elk wol nei de mûle mar minsken, is dat no gewoan wy hawwe ús hert foar op 'e tonge al fynt in oar dat mar gebrul wy piipje sa't de âlden songen want wy komme oeral graach mei de klompen yn it spul