Piter Wilkens
Piter Wilkens - Kykjeflap lyrics
Your rating:
Spitich is it al, want ja ik wist fan neat, mar gean foaral jo eigen gong ik ha myn âlde kloftke oan en bin net skeard, en ik lykje sa net mear sa jong Aanst lis ik yn in badsje en bin ik fikseard, moat ik my mar oan jo oerjaan foar ivich kom ik no op de gefoelige plaat, dus lit my my op myn bêst foardwaan Binn' jo fan de parse as is dit privee, kom ik yn it ryksarchyf faaks helje ik noch gau in kamke troch it hier, fergrutsje jo it negatyf Och meitsj' ek mar in foto fan in moai portret, leafst net yn al te objektive sin faaks hingje ik by de neiteam boppe oan 'e wand, dus retûzjeer myn ûnderkin Kykjeflap, binn' jo no fotograaf , kykjeflap, no dan bin ik jo slaaf kykjeflap, wy boartsje foar de grap, kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap De wrâld fan ljocht en skaad it jout in perspektyf, dus digerje mar troch jo lins dit medium ûntjout stil it ûntwikkeljen en siz my, sjogge jo ek noch in grins Dat giet fan flap en flits en klik en blits en sa, wol tûzen poazes op in dei it is nijsgjirrich al dy oandacht as model, 'k leau dat 'k my sa wol lije mei Kykjeflap, al wer dy fotograaf, kykjeflap, ik ûndergean it braaf kykjeflap, hoe wolle jo it ha, kykjeflap, ik sjoch nei 't fûgeltsje ja kykjeflap, in fakman is 't ferskil, kykjeflap, dan sit ik wol stil kykjeflap, ik fyn jo dogg' it knap, kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap Kykjeflap, dêr is de fotograaf, kykjeflap, sjoch hoe 't ik foar jo draaf kykjeflap, ik pas wol yn dy rol, kykjeflap, dit woe ik altyd al kykjeflap, ik bin fotosjenyk, kykjeflap, sa wurd' wy beide ryk kykjeflap, faaks ek noch wol beromd, kykjeflap, as 't yn 'e krante komt kykjeflap, in reportaazje faaks, kykjeflap, jo binn' altyd sa waaks kykjeflap, mei 'k mei de doka yn, kykjeflap, want wier it baarnt my yn kykjeflap, jo binn' in wiere freon, kykjeflap, nee dat is net oerdreaun kykjeflap, it libben is in grap, kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap kykjeflap, kykjeflap, kykjeflap!