Piter Wilkens
Piter Wilkens - Hoe wiis as ik mei dy bin lyrics
Your rating:
Ha 'k dy ea wol sein hoe wiis as ik mei dy bin ha 'k dy ea wol sein dit giet sa lang net min sjoch ik dy dan ha ik it fuort nei 't sin ha 'k dy ea wol sein hoe wiis as ik mei dy bin Ha 'k dy ea wol sein do bist de frou foar my omdat ik altyd noch de kribels krij fan dy it is by ús noch krekt as yn it begjin ik wol leauwe dat ik gjin dei sûnder dy kin Immen hat ea sein it libben is as in see do swabberst mei, fan it measte gjin idee it is eb en floed en meigean mei de stream en hast gelok dan is it krekt in dream Do hast de pearels yn dyn eagen en de weagen yn dyn hier ús libben is soms krekt in mearke, mar dit mearke is wol wier en ik bin wol net sa'n swimmer, mar ik swim sa goed as ik kin ik bin dyn lytse mearman en do myn seemearmin Ha 'k dy ea wol sein dat ik it suver hast net leau dat ik al bliid bin as ik inkeld driuwen bliuw troch dy wit ik no dat dat samar kin ik gean nea wer foar it libben op de rin Ha 'k dy ea wol sein, dy bliuw ik altyd trou Ha 'k dy ea wol sein dat ik sa'n soad om dy jou myn wurden binne klisjee, mar oars ha ik gjin omdat ik eins net sa'n man fan wurden bin Do hast de pearels yn dyn eagen en de weagen yn dyn hier ús libben is soms krekt in mearke, mar dit mearke is wol wier en ik fiel my krekt Neptunus mei syn wetterkeningin mar ik bin dyn lytse mearman en do myn seemearmin