Piter Wilkens
Piter Wilkens - Guon rinne om op stikkene skuon lyrics
Your rating:
Guon rinne om op stikkene skuon sis my wêr liedt dat ta? goefader God, efter ’t wolkenplafond miskien wol hy dat sa! Goefader God, efter ’t wolkenplafond it lit Him blykber kâld Hy jout neat om in pear stikkene skuon faaks is er wurch en âld De dagen falle my inkeld noch swier ik sis it kear op kear mar boargers, oer hûndert jier binn’ wy der dochs net mear Dan krije oaren ús tryste rol lizze wy yn de grûn fiele gjin kjeld yn ús tsjustere hol dan ha wy frede fûn Binn’ der noch nachten, is der noch eangst? ik bin no al stiif ’k wol nei myn wyfke ’t is jit myn ienichste ferlangst smûk lizze, liif tsjin liif Ik bin in tige twiveleftich figuer ien dy ’t net doge sil mar Blauwe Fedde, dy fynt my sekuer dan bin ’k foar altyd stil Guon rinne om op stikkene skuon sels op har lêste reis mei oan de ein in laitsjende demon en ik bin al healweis
Copyrights:
Author: Cornelis Vreeswijk
Composer: ?
Publisher: SKIIF
Details:
Released in: 2006
Language: Afrikaans
1 Comments found
Anonymous
Thursday 17th of May 2018 12:16
Beste Martine. Dit lied is niet in het Afrikaans, maar in het Fries en het is een vertaling van de Zweedse Nederlander Cornelis Vreeswijk en Piter Wilkens zette het op zijn CD It Fûgeltjse Yn Myn Gitaar, zie : http://www.piterwilkens.frl/it-f%C3%BBg ... yn-gitaar/
hartelijke groet, Peter Kraft Leeuwarden . ptkraft apestaartje xs4all.nl