Piter Wilkens
Piter Wilkens - Gerryt Sinnema 's Video Terreur lyrics
Your rating:
Omke Gerryt hat no video en hy filmet hiel de regio ja wy moatte alles sjen barbeque yn caravan it is in lust, ús omke 's one man show Omke Gerryt hat in kamera en gedraagt him as de maffia it is dien mei it fatsoen want ik ha alles tsien kear sjoen nimmen ûntkomt oan Gerryt 's cinema Omke Gerryt, video, omke Gerryt, video, omke Gerryt hat in kamera omke Gerryt, video, omke Gerryt, video, en wy sille nea gjin rêst wer ha Omke Gerryt mei syn apparatuer rekorders, kamera obskuer filmet stikem hiele stikken efter hagen, efter hikken en is sels ien grut karikatuer Omke Gerryt is der altyd by ek by de berte fan Sytske- Marij seit tsjin dokter: 'Man ferdwyn!' en stekt syn kamera der yn o, omke Gerryt wat in kreamerij Omke Gerryt is de regisseur fan syn eigen video terreur freonen, feestsjes, bleate froulju sels de rúzje by de buorlju papparazzi, altyd de primeur Omke Gerryt waant him 'Hollywood' en it sil heve, in audysje hjoed tante Tine yn 'e pronk as ballarina, brekt in skonk mar foar in pryske by de TROS is 't goed