Piter Wilkens
Piter Wilkens - Gans Anders lyrics
Your rating:
Se kamen yn Fryslân te wenjen hiene beide in bril op 'e noas mar hy wie dan ek brilleferkeaper yn de saak fan Hans Anders, wa oars yn in arbeidershûs op 'e romte tusken beammen en sleatten fol kroas dêr hâlden se in guoske as hiemhûn en dy hiet fan Gans Anders, wat oars! Hy gie lange dagen te wurkjen by har thús wie it mar iensum en stil foar de feroaring beseach sy har libben hieltyd faker troch buorman syn bril en doe't hy op in dei let fan 't wurk kaam doe waard er sa ôfgryslik boas want op it nachtkastke dêr lei in bril mar dy wie net fan Hans Anders, dy wie oars! It arbeidershûs stiet te keap no de bewenners binn' al withoe fier en it ûnskuldich guoske Gans Anders is ek stil wurden, by de poelier elk mins draacht in byld fan syn libben mei him mei as in bril op 'e noas mar pas op!, as dy bril in frjemd merk hat wurdt it libben gans anders, gâns oars!