Piter Wilkens
Piter Wilkens - Famkes lyrics
Your rating:
Se hawwe moaie foarmen, nijsgjirrich en rûn se drage moaie klean en rûke altyd sûn se bewege sierlik, litte dyn hormoanen rinne de sjarme is it wapen en stjoert dy oeral hinne Wat is it moaiste fan de hiele wrâld wat is it dat dy geande hâldt wat set dy foar peal en wêrfoar giest troch it fjoer wat makket dy mâl, wat makket dy poer Famkes Ljocht hier of swart, in punk of in tut(te) slûk hier of krullen of in hynstesturt wat makket it út, wat docht it der ta ik bin bliid dat dizze wrâld sa'n protte famkes hat It lykje hiele keardels, mar se stelle neat foar se binne fereale, se binne smoar se hawwe neat te sizzen, jim ha se yn 'e macht dus sis my famkes, wat is it swakke geslacht? Us mem is in famke, myn suster is in famke ús beppe is in famke, ús beppe's beppe ek de keningin is in famke, ...... is in famke ús kat is in famke, myn fanke is in famke