Piter Wilkens
Piter Wilkens - Bêst genôch lyrics
Your rating:
Wy binne net in prachtich pear do bist gjin dame en ik gjin hear wy binn' net earm, wy binn' net ryk mar wy binne tegearre sterk as in dyk Soms ha wy spul, faaks om neat wy snappe soms elkoar ferkeard mar do bist it famke dêr't ik fan hâld en it is my sa, wol bêst genôch 't Is bêst genôch, 't is bêst genôch soms falt it ta, soms falt it ôf soms binn' wy bliid, soms binn' wy drôf mar hoe dan ek, 't is bêst genôch Do hâldst fan hurd en lekker koel en ik fan stadich en net sa fûl ús leafdeslibben giet op en ôf mar it is my sa wol bêst genôch Bin ik pystich, hasto gjin sin en asto wolste dan bin ik min ja ús leafdeslibben, it giet op en ôf mar it is my sa wol bêst genôch