Meindert Talma

Meindert Talma - Sibbele Hietkamp (de bonte hond) lyrics

Your rating:

ik bin in âlderwetse boer
dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân
foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle

se neame my hjir de bonte hond want se smite alles mar by my del
en ik ha it noait oan tiid om al dat guod goed op te stoken of op te rêden
dat bliuwt derby, want arbeiders binne te djoer en de jonge bazen wolle net mear
dat wie mei ús froeger wol oars, ik molk al om't leven doe't ik noch op 'e âld skoalle siet
lêsten ha se my pakt mei de auto myn rydbewiis wie al sân jier ferrûn
doe sei ik: 'jimme moatte oerjaan mei jimme grappen ik bin in âld man en ik haw it drok'
ik wit wol al de dingen dy't net tastien wienen dat fûn ik moai, dat haw ik altyd dien
mocht ik gjin hokken bouwe yn't lân dan kaam er op elk lân in grut hok te stean

ik bin in âlderwetse boer
dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân
foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle

der sil wol in boere-oarloch komme moatte ik fyn de ambtenaren moatte allegear mar yn
in strafkamp want se binne ús te lêstich of se moatte se mar dumpe yn 'e Lauwerssee.
ambtenaren haw ik altyd min lije mochten ik bemoei my net mei in oar en sy
sitte altyd mar op ús om te seuren altyd mar sjen of se wat fine kinne
ik moat der mar ris ien fan kant meitsje want dat is der altyd ientsje minder
dan moat ik it lêste skoftsje mar bromme dat is hast better as wat ik no ha
lêst wienen dy miljeumannen hjir wer ik sei: 'wêr bemuoie jimme jim no mei, man?'
ik sei: 'ik bin op wei nei de toer dêr bin ik my hiel goed bewust fan'

ik bin in âlderwetse boer
dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân
foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle

se dogge mei it boerke wat se wolle...

ik bin in âlderwetse boer
dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer
in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân
en melke doch ik ek noch altyd mei de hân
foarhinne wie it boerelibben in frij libben
mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren
se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Meindert Talma

Composer: Meindert Talma

Publisher: ?

Details:

Released in: 2003

Language: Dutch

Appearing on: Kriebelvisje (2003)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found