Gurbe Douwstra
Gurbe Douwstra - Foar Sybe lyrics
Your rating:
Kearsang Wêrom binn' de wûnders út 'e wrâld? Wêrom binn' de wûnders út 'e wrâld? Ik woe der noch graach ientsje sjen In lytske mar, as 't even kin Wêrom binn' de wûnders út 'e wrâld? Ik wit it wol, hjir is net tsjin te striden Ik hâld 't mysels ek kear op kear wer foar Mar hoopje is dochs myn goed rjocht Al is it dan ek om 'e nocht Dit is foar mysels, net foar in oar Ik wol sa graach noch even mei dy prate Wat slop geouwehoer of in echt petear Mar stadichoan wurd stû sa stil Net mear de krêft, noch wol de wil As ik dy sa sjoch, dan docht dat sear Kearsang Ik wol dy noch graach eefkes by my hâlde Och, wat seur ik no, ik wol dy nea wer kwyt Dus 'k wit net wêr't ik wêze moat Mar wol dat der wat barre moat Want ik stean noch sa bot by dy yn 't kryt Kearsang