Gurbe Douwstra
Gurbe Douwstra - De swalkerinne (Leonard Cohen cover) lyrics
Your rating:
Jawis, dat fok dat by dy kaam wienen dealers op ’t punt belies te jaan asto se fan de strjitte hiest ferballe Ik ken dat soarte goed ’t is dreech en hâld fan wer sa’n man yn noed dy’t opjout wêr’t er jierrenlang nei stribbe dy’t opjout wêr’t er jierrenlang nei stribbe En do fagest alle rotsoai op syn strjitsje skjin mar hy is op ‘e rin it hûs is leech mar yn dyn holle strúnst mei him mei de strjitte oer wachtsjend op de bui dy’t spielt en waarmet sadat er noait mear hoecht te swalkjen Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe En dan, stoarjend yn de tsjust’re nacht hy seit: do hiest him yn de macht mei leafde, mei dyn waarme swiete molke En dan toant er syn aginda fol mei flechten en mei jild, hy seit: do wistest dat ik nea foar immen libbe Dan komt der noch in oarenien dy sjocht dyn doar noch iepenstean as wist er fan dyn goedens like folle O, do hast se faker hân mei jild, in golle laits, in goed ferstân Mar it sulver dat net suver is giet ruskjen En hy smeket om dyn bêd op bleate knibbels Ja, hy smeket om dyn bêd op bleate knibbels Dêr rint ien mei de holle del de groeven steane yn it fel it jild wat al te fluch en fier fuort rôle Hy leaut noch yn syn eigen praat syn tonge spuit hûndert wurden mar wierheid is mei liif en each besibbe Do joust him in goed miel en klean mar fielst dy nei de bliksem gean do soest de doar fan no ôf ticht ha wolle Mar de kaai iskwyt, de sinne strielt de strjitte skynt yn kleur, yndied ach leafste, eins bisto de swalkerinne ach leafste, eins bisto de swalkerinne Ik wachte op it treinstasjon mar wist net rjocht op wat perron asto in kaartsje kocht hiest nei de polder Begryp my goed, it is net sa dat ik wachte ha op dit of op ’t ien of oar of dit soart saken te faak hast falske eerlikheid belibbe In ôfspraak moarn, asto dat wolst de brêge dêr’t it folk net komt want ûnder lizze frjemden yn de groppe Myn auto rint noch en de waarmte lûkt in man hy krûpt deryn, do sjochst him lizzen witst: hy bliuwt mar eefkes En it komt dy foar as hie hy hjir nei stribbe En do seist: OK, de brêge is myn libben En do fagest alle rotsoai op syn strjitsje skjin mar hy is op ‘e rin it hûs is leech mar yn dyn holle strúnst mei him mei de strjitte oer wachtsjend op de bui dy’t spielt en waarmet sadat er noait mear hoecht te swalkjen Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe En dan, stoarjend yn de tsjust’re nacht hy seit: do hiest him yn de macht mei leafde, mei dyn waarme swiete molke En dan toant er syn aginda fol mei flechten en mei jild, hy seit: do wistest dat ik nea foar immen libbe
Copyrights:
Author: ?
Composer: ?
Publisher: ?
Details:
Language: Dutch
Last updated by Anonymous at Thursday 5th of August 2010 09:09