Fokke de Groot

Fokke de Groot - Hoe Soe Ik Net Fan Fryslân Sjonge lyrics

Your rating:

As lofte-blau yn't wetter spegelt
en wolke-skaad oer d'ierde strûst,
As ljurke-sang it hert ferheget,
de wyn troch blêd en reiden rûst.

Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.

As freon en frjemd syn frijheid romje
en seilen oer it wetter flean',
As ljipkes oer de wjokken tomm'lje,
hoe soe my't hert net iepen gean.

Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
as maitiid wer syn geunsten spriedt,
As hiel de grutte Fryske miede
fol blommeguod te pronkjen stiet.

Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge
en romje´t ynleaf plakje grûn, 
dêr´t sûnt ûnheugelike tiden
it Fryske folk syn wenstee fûn.
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Fokke de Groot

Composer: Fokke de Groot

Publisher: Cybermax Music Publishing

Details:

Language: German

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found