Fokke de Groot

Fokke de Groot - Foarby De Stjerren lyrics

Your rating:

Kin' jo my faaks fertelle
Wêrom is der yn 'e wrâld
Safolle striid, safolle niid
En men te min fan elkoar hâldt?
Dat freegje ik my wolris ôf
 
Ja, leave skat, nim fan my oan
It hat altyd al sa west
Mar ha gjin noed, de minsk' is goed
't Is in inkeling dy't it ferpest
Sels ik freegje my wolris ôf
 
Foarby de stjerren, moann' en sinne
Wêr komme wy dochs wei?
Dat wy no noch safier net binne
Dochs ik wachtsje op dy dei
Salang't de sinne skynt, de leafde bynt
't Is nea te let foar frede
 
Ik bin noch lyts, wat kin ik dwaan?
Wat ik ha is inkeld tiid
Dat is net slim, do hast dyn stim
Kinst my helpe mei dit liet?
En freegje tegearre ús ôf 
 
Foarby de stjerren, moann' en sinne
Wêr komme wy dochs wei?
Dat wy no noch safier net binne
Dochs ik wachtsje op dy dei
Salang't de sinne skynt, de leafde bynt
't Is nea te let foar frede 
 
Foarby de stjerren, moann' en sinne
Wêr komme wy dochs wei?
Dat wy no noch safier net binne
Dochs ik wachtsje op dy dei
Salang't de sinne skynt, de leafde bynt
't Is nea te let foar frede
 
Mar frede yn Fryslân is te min
Der is gjin grins dy't ús keare kin
Want ien ding is foar elts gelyk
De taal fan de muzyk 
 
Foarby de stjerren, moann' en sinne
Wêr komme wy dochs wei?
Dat wy no noch safier net binne
Dochs ik wachtsje op dy dei
Salang't de sinne skynt, de leafde bynt
't Is nea te let foar frede
Salang't de sinne skynt, de leafde bynt
't Is nea te let foar frede
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Fokke de Groot

Composer: Fokke de Groot

Publisher: Soulmate Records

Details:

Language: French

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

1 Comments found

Femke Beens,

Friday 25th of February 2022 14:05

Wat een prachtige tekst. Met tranen in mijn ogen zo mooi !