Bombarje

Bombarje - Supenbrij lyrics

Your rating:

Nei it waarm iten krije wy sûpenbrij,
it hoecht net fan ús mem mar it moat fan my,
sûnder sûpenbrij is der foar my neat oan,
dan is it foar my bedoarn. 

Sûpenbrij is foar my it wite goud,
se freegje wol wêrom ik der safolle om jou,
ik sis dan sûpenbrij is myn deisliks brea,
sûnder gean ik dea. 

Al ha wy tige min, it is ús net nei 't sin,
wy jouwe him nea dien,
want fan sa'n brij as sûpenbrij is der mar ien. 

Ik bin gek op sûpenbrij,
net te hyt lekker lij,
doch der mar wat sûker by,
mei sjerp is it ek wol lekker,
mar dan wurd ik yn 'e holle hieltyd gekker. 

In hiele dei gjin sûpenbrij, dan is foar my it ein neiby,
miskien is 't net al te sûn, mar sa bin ik 't wûn,
as ik ris út iten gean, lytse hapkes en in prot geflean,
is it iten al foarby, bestel ik sûpenbrij. 

Al ha wy tige min, it is ús net nei 't sin,
wy jouwe him nea dien,
want fan sa'n brij as sûpenbrij is der mar ien. 

Ik bin gek op sûpenbrij,
net te hyt lekker lij,
doch der mar wat sûker by,
mei sjerp is it ek wol lekker,
mar dan wurd ik yn 'e holle hieltyd gekker. 

Gjin rizenbrij, moallenbrij, havermout, krintsjebrij,
yochurt, vla, monatoetje, bitterkoekje, suertsjebrij,
al dat surrogaat is neat foar my,
jou my mar sûpenbrij. 

Ik bin gek op sûpenbrij,
net te hyt lekker lij,
doch der mar wat sûker by,
mei sjerp is it ek wol lekker,
mar dan wurd ik yn 'e holle hieltyd gekker. 

Ik bin gek op sûpenbrij,
net te hyt lekker lij,
doch der mar wat sûker by,
mei sjerp is it ek wol lekker,
mar dan wurd ik yn 'e holle hieltyd gekker. 

Ik bin gek op sûpenbrij,
net te hyt lekker lij,
doch der mar wat sûker by,
mei sjerp is it ek wol lekker,
mar dan wurd ik yn 'e holle hieltyd gekker.
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1995

Language: Dutch

Appearing on: Better As Seks! (1995)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found