Bombarje

Bombarje - Ald papier lyrics

Your rating:

Is dat by jim ek sa,
dat jim eltse wike wol,
in doas fol âld papier ha.
By ús hawwe wy dat wol,
tot oan de spanten ta,
stiet ús hiele hok fol. 

Stikmannich wiken yn 't jier,
geane de ferienings út ein,
om te garjen, âld papier.
Oan dy bulte komt gjin ein,
ferienings ferrekke it ja wier,
want hja binn' gjin jiskewein. 

Ald papier wat moatte wy dermei.
Ald papier gean on my foarby.
Ald papier reklame út ferbân.
Ald papier doch der dochs wat oan. 

Grutte bedriuwen dogge mar raak,
al dy djoere foldertroep,
krij ik fierste faak.
Gemeenten nimme it ûnder de loep,
dat fyn ik in goede saak,
al rint it faaks wol yn 'e soep. 

Ald papier in grutte soarch,
as wy der net om tinke,
meitsje wy de wrâld te smoarch.
Lit de 'goodwill' net besinke,
wês wat skjinner as in baarch,
dan kinne wy der op klinke. 

Ald papier wat moatte wy dermei.
Ald papier gean on my foarby.
Ald papier reklame út ferbân.
Ald papier doch der dochs wat oan.
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1995

Language: Czech

Appearing on: Better As Seks! (1995)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found