Ritske Numan

Ritske Numan - De âlde fisker by de mar lyrics

Your rating:
Moarns as it wrâldsje noch leit yn’e rest
De dauw’ oer de fjilden jet leit
It goudene sintsje jet slept in syn nêst
Natuerlibben rûnom jet swijt
Dan bin’k by de mar meastal tiden yn’t spier
Mei fûken en netten en skou
De mar is net inkeld foar wille en tier
Ek bodders die swalkje him ôf.

Asto âlde mar jitris prate koest
Al wie’t ik allinnich foar my
Dan wit ik alfêst
Hoe’t men op it lêst
Dy dochs wer it swijen op lei
De measten sjoch’ inkeld mar wille en nocht 
Hja hawwe by dy nea de libbensearnst socht
Foar my joechst yn earnst en yn fleur
Oan’t libben syn sin en syn kleur

Do bliuwst oh mar troch de jierren myn freon
Foar my bisto suver in boek
Myn libbensrin stiet yn dyn weagen beskreaun
Ik lês der faaks yn sa temúk
Ik lês yn dat boek mannich bledsje mei nocht
Soms triennen de eagen der by
As ’t bledsje wat trystich is tink ik in skoft
Hoe nim ik ea ôfskied dan dy!

Asto âlde mar jitris prate koest
Al wie’t ik allinnich foar my
Dan wit ik alfêst
Hoe’t men op it lêst
Dy dochs wer it swijen op lei
De measten sjoch’ inkeld mar wille en nocht 
Hja hawwe by dy nea de libbensearnst socht
Foar my joechst yn earnst en yn fleur
Oan’t libben syn sin en syn kleur
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Harm De Wilde

Composer: ?

Publisher: Philips

Details:

Released in: 1960

Language: Western Frisian

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found