Rients Gratama
Rients Gratama - De Bugel Fan Looft Den Heer lyrics
Your rating:
Hy wie sa earm as in lûs In lytse klint as âldershûs Wêr`t elke sint in daalder wie Wêr`t hy tsien broers en susters hie Wêr`t sels in mûs gjin krommel fûn Mar by it korps op freedtejûn Fûn hy syn treast yn de muzyk Blaasde himsels fan earm ta ryk Bespile trinten as in fear De bugel fan Looft den Heer Hy hie gjin kâns op in bestean Gjin oare wei as fourt te gean Nei Kanada, in nij begjin De tiid wie aldermachtichst min It doarp begriep it skoan mar sei Jou him by God syn bugel mei Dy freugde sil hy nedich ha Dus fan de boat nei Kanada Klonk oer de haven heech en klear De bugel fan Looft den Heer Hy wraksele op de frjemde grûn Fan iere moarn ta lette jûn Mei frjemdfolk, freonen yn de need Troch winterlân, ûnbidich wreed Faak sleept`er syn ferwrotten lea Mei stean en fallen lâns de dea Mar kaam de maitiid wer werom Dan klonk oer wetter, wâld en blom Yn`t lân fan wolf en grizzlybear De bugel fan Looft den Heer No is hy âld, hy hat it hân De sinne skynt yn`t fiere lân Noch yn de jûn fan syn bestean Op`t nije hûs, syn wrotterslean En komme letter op `e jûn Soms bylden fan syn bertegrûn En al wat yn`t ferline leit Dan strielt er mei ynmoedichheid Syn lytse rykdom fan alear De bugel fan Looft den Heer