Reboelje

Reboelje - wûnslân (jou it kleur) – diel 2 lyrics

Your rating:

wa bisto, hjir tusken al dy oaren
tusken har en him en my
dêr wêr’t tûzenen regels jilde
dy’t noch nimmen ea beskreau
doch it net om it dwaan
en doch it foaral net, om’t in oar it ek sa die

wurd dochs nea sa’n grize fûgel
lit it gean en wês dy iene
dy’t, oars as al dy oaren
doart te swimmen tsjin de stream
en dy’t grutsk en mei oertsjûging
neaken, sûnder klean, foar ús doart te stean

jou it kleur! jou it kleur!
dyn eigen wûnslân
meitsje hjir dyn eigen dûnslân

wês de spil fan hillich wûnslân
wês it praat fan alleman
draach it út, lit se ’t fernimme
kom der foar út, sis wasto bist
lis it se út, daagje se út en wês wis
dat sûnder dy, dit lân gjin wûnslân is

jou it kleur! jou it kleur!
dyn eigen wûnslân
meitsje hjir dyn eigen dûnslân
lit it glânzje! lit it glitterje!
dyn eigen wûnslân
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Dutch

Appearing on: Wûnslân (2001)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found