Reboelje

Reboelje - wûnderpark lyrics

Your rating:
yn it nije park oan ‘e râne fan it nije doarp
rin ik oer it gers op it wetter ta
sûnder dat ien my sjocht
allinnich jongere bern dy’t net yn spoeken leauwe
jouwe farske bôle oan de lêste ein
en ik lynje oer it brechje
en snij yn it hout de namme fan ús heit

want it nije park is in spoekepark
al binn’ de beammen noch net âld
ik nim mar oan dat ik hjir jûn ek wer 
allinnich wêze sil, allinnich wêze moat,
allinnich sûnder wa ek mar wêze wol

mar nachts as de blommen griis wurde
en it gers wiet fan ‘e damp
wurdt it park stadichoan
smûker en smûker en smûker
en ik sykje in plakje op ‘e kâlde klaai
tusken de strûken by de feart
en ik draai my om en fal yn ‘e sliep

want it nije park is in spoekepark
al binn’ de beammen noch net âld
ik wit dat as ik moarn wekker wurd
dat ik my better fiel as hjoed
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: VMI

Details:

Released in: 1993

Language: Dutch

Appearing on: De Fûgel Yn Dy (1993)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found