Reboelje

Reboelje - wat giet der yn dy om lyrics

Your rating:
Hee do dêr, bleu blier famke
ha asto dêr no sitst
sa asto nei ús lakest
yn dyn moaiste wite klean
Sa asto nei ús swaaist
hasto noch flauwe hoop
op in hiel nij libben
in oar en goed bestean
Hee do dêr, bleu blier famke
salang’t ik dy al ken
salang al freegje ik my ôf
wa wiesto, wa bisto, wat silsto

elkenien fan ús wol no graach witte
watfoar faam oftsto einliks bist
der is gjin takomst sûnder ferline
der is gjin jeugd dyst ferjitte kinst

it lytste leafste famke
út in nêst sa kâld as stien
it safolste, safolste berntsje
fan in soarte fan styfmem
de grutste pop fan tefolle oaren
dy’t raanden fan dyn eagen
fan dat kreaze fine snútsje
en dat heldere bliere stimke

elkenien fan ús wol no graach witte
watfoar faam oftsto einliks bist
der is gjin takomst sûnder ferline
der is gjin jeugd dyst ferjitte kinst
sa asto hjir no stiest
noch sa jong mar o sa wiis
wiesto net dat famke
dat fierstente jong út hûs wei gong
om dy oer te jaan, oan in nuvere man
dy’t dy al krekt sa behannele
as al dy oaren lang ferlyn
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: Durk Hogendorp

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1996

Language: Dutch

Appearing on: De Brulloft (1996)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found