Reboelje

Reboelje - nûmerke 12 lyrics

Your rating:

It wie al midnacht,
doe’t ik deryn gie,
it feest wie yn folle gong
Rûnom waard dûnse, yn alle gongen op alle treppen
en de sealen wienen fol mei maskers en muzyk
Klowns sloegen my op ‘t skouder
doden en stoden tsjin my
en ik fielde my alhiel ferlern
en ek de wyn smakke my net
krekt doe ‘t ik besleat de jas wer oan te dwaan
koe ik myn nûmerke net mear fine
Mar in duvelachtich mantsje sei: wês net benaud
nûmerke kwyt, hjir hast mines
Al gau seach ik dat it nûmer gjin nûmerke wie
mar in briefke, dêr’t op skreaun stie:
fannacht fjouwer oere
kom nei de hel
tagong fergees
mar it kostet dyn ferstân

Op ‘e nei sette ik it feestgewoel yn
en ik dûnse, en dronk mei grutte swolgen
en ik fielde my ien mei de hiele kloft
en ek de nacht duorre in ivichheid lang
Doe’t it ljocht waard
en de measten al op hûs oan wienen
kaam ik myn âlde meat tsjin
Hy stelde my gerêst
we smookten in sigaret
en hy frege my: bisto der klear foar
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Afrikaans

Appearing on: Magysk Teater (1991)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found