Reboelje

Reboelje - noflike jacht lyrics

Your rating:

Oerémis en moardsuchtich
jouwe wei ús nei de stêd ta
dêr’t de oarloch krekt begûn is
en ek wy lade ús gewearen
En al is de oarloch net hillich
en stjit de duvel oan ús kant
ús doel is de ferneatiging
de ein fan ’e wrâld

Ut ús eagen laket de wroeging
helder, mar oprjocht
we sjitte bern en grutte minsken dea
en we gnize om elkoar
Want al is de oarloch net hillich
en stjit de duvel oan ús kant
yn ús krústocht tsjin it minskdom
docht it der net ta wa’t wint

Wy hienen in prachtich útsjoch
oer de stêd, dy’t yn ‘e brân stie
Der ’t de klokken angstich liede
oanhâldend, almar troch
En oeral om ús hinne
leinen minsken te krepearen
guon ferwûn, guon yn grús
guon gulden, guon raasden
Mar de sinne like ûnder te gean
folle moaier, folle reader
mar de sinne like ûnder te gean
folle moaier, folle reader noch as oars

Oer it slachfjild kuiere n man
dy’t fredich ús dieden beseach
Hy iet wat en hy dronk wat
en foldien run er fierder
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Released in: 1991

Language: Dutch

Appearing on: Magysk Teater (1991)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found