Reboelje

Reboelje - nim my mei lyrics

Your rating:

krekt doesto it opjaan soest
seachsto him dêr stean
hy seach op dy del
en it wie as koest him al hiel lang
hy luts dy omheech
hy lake dy ta en frege
wat hat dy hjir brocht
sa ier en betiid dizze moarn
koest net mear sliepe
bist fan hûs fuortrûn?
famke wat bisto moai
begjin gewoan opnij
fei dyn triennen ôf en
stap mar yn by my
fertel my hoesto hytst
en wa sto bist,
en watsto wurde wolst

nim my mei, nim my mei
hâld my fêst,
oars fal ik wer werom

famke, famke draal mar net
en gean no mei my mei
ik haw allinnich mar freonen
dus wês mar net benaud
doch no mar wat ik dy sis
dan kin dy neat oerkomme
dei en nacht tink ik om dy
net ien sil dy wat oandwaan
klaai dy om en besjoch dysels
famke wat bisto moai
laitsje my ta en dûnsje
triennen wol ik net mear sjen
asto der mar bist foar my
dan bin ik der foar dy
jawis do kinst it wol oan famke
sa jong asto bist, ik lit dy nea
wer gean

nim my mei, nim my mei
lit my mar,
ik wol nea wer werom
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Dutch

Appearing on: De Oere O (part I) (2000)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found