Reboelje

Reboelje - langstme lyrics

Your rating:
sa graach soesto ien leafhawwe
dy’t wurklik fan dy hâld
sa graach soesto ien oankrûpe
dy’t dy wiere leafde joech
foaral no’t it waar sa moai is
liket de leafde sa fier fuort
foaral no’t it waar sa moai is
liket de leafde sa fier fuort

wat soesto in soad hâlde
fan in man dy’t om dy jout
dy’t dy oanhellet en oanrekket
sûnder datsto fuort krûpst
do soest him al dyn leafde jaan
do soest der altyd foar him wêze
de man dy’t foar dy bestimd is
dy bliuwsto ivich trou

hoe graach soesto yn ’e hannen lizze
fan de freon dy’t dy hoedet
hoe graach soesto dy ferskûlje
efter syn rêch, syn liif, syn stim
foar alles wat dy tsjinstiet
yn dizze rauwe rûge wrâld
hoe graach soesto dy jaan wolle
oan in takomst sûnder eangst
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: Durk Hogendorp

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1996

Language: Dutch

Appearing on: De Brulloft (1996)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found