Reboelje

Reboelje - krekt as wy (twee meter sessie) lyrics

Your rating:
ûnder dizze brêge
wachtsje wy op dy
oer in lytse tsien minuten
silsto hjir wol wer lâns rinne
do draachst begrutlik djoere klean
en do rukst net nei dysels
do doarst ús net rjocht oan te sjen
derom sjogge wy dy nei
sa rinsto nei dyn wurk of sa
eltse dei op ‘e nei
en elke dei mar wer op syk
nei noch mear oansjen en súkses

mar yn wêzen bisto krekt as ús
like rûch like frij
yn  wêzen bisto net oars as ús
ek al wolst it noch net tajaan sels
op in dei silsto hjir neist ús lizze
sûnder soargen en djoere klean

nachts as it ferkear ferdwynt
en de measte lampen dofje
tinke wy oan dy, en wy striele ússels
ûnder ús tekkens fan karton
en yn ús dreams leisto hjir neist ús jûn
en krûpe wy dy oan
jouwe dy leafde en gelok
oant wy foldien en wurch yn ‘e sliep falle

yn  wêzen bisto krekt as ús
like rûch like frij
yn  wêzen bisto net oars as ús
ek al wolst it noch net tajaan sels
op in dei silsto hjir neist ús lizze
sûnder soargen en djoere klean

yn  wêzen bisto krekt as ús
like rûch like frij
yn  wêzen bisto net oars as ús
ek al wolst it noch net tajaan sels
op in dei silsto hjir neist ús lizze
sûnder soargen en djoere klean
op in dei silsto neist ús lizze
sûnder soargen en sûnder klean
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista, Marista

Details:

Released in: 1995

Language: Dutch

Appearing on: Flecht (1995)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found