Reboelje

Reboelje - fan it lytse wite húske lyrics

Your rating:
yn dizze útsichtleaze hel
dêr’t it oeral stjonkt fan de dea
dream ik alle nachten wer
fan it lytse wite húske
it stiet oan ‘e râne fan de bosk
wy sjogge út oer de fjilden
yn de tún ferbouwe wy ús iten
en foar de molke hawwe wy kij

yn myn dreamen
lis ik neist de frou
dy’t ik al sa lang net mear seach
yn myn gedachten
streakje ik troch har hier,
en ik fiel har hân om my hinne

ús lytse bern dy’t boartsje,
op it hiem, yn ’e bosk, op ‘e greide,
alle nachten sjoch ik se wer
en ik nim se tsjin my oan
yn gedachten bin ik by de frou
dy’t ik al sa lang net mear seach
sy laket my ta, swaait nei de bern
út it lytse wite húske wei,

yn myn dreamen
lis ik neist de frou
dy’t ik al sa lang net mear seach
yn myn gedachten
streakje ik troch har hier,
en ik fiel har hân om my hinne
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Marius de Boer

Composer: Marius de Boer

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1996

Language: Dutch

Appearing on: Merkeman (1996)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found