Reboelje

Reboelje - djip yn myn siel lyrics

Your rating:

dit wie myn libben en it is no hast foarby
it stie yn tsjinst fan de boargermaatskippij
ik keas it paad fan de fromme man
fanwege goed gedrach krige ik libbenslang
ik hie wol dreamen oer de grutte see
mei al syn havens en har huorkerij
it swalkerslibben it bleef by fantasy
en ik ferdrong de pine en ik bleef by dij

elkenien, joech goeie rie
en ik lústere, en ik die
sa waar ik ferneamd
as in earsum man
dy’t syn libben joech
foar it boargerlân

no’t alles foarby is, sjoch ik wer werom
op it fromme libben fan in brutsen man
dy’t de striid ferdrong in libben lang
mar dy’t gjin frede foen mei syn earste natoer
djip yn myn hert fiel ik noch flammen
djip yn myn siel baarnt noch hieltyd fjoer
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 2000

Language: Dutch

Appearing on: De Oere O (part I) (2000)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found