Reboelje

Reboelje - dizze jûn lyrics

Your rating:
dizze dei fan ‘e wierheid
rin ik de hiele middei al rûn
skjin myn nocht fan ‘e drokte
sykjend om in skulplak, in stikje grûn
dêr’t ik allinnich bin en dreame kin oer juster
en dêr’t net ien my fine sil
dizze jûn

mar hieltyd wer as ik my deljaan wol
hear ik minsken om my hinne
roppend, razend, flokkend,
ticht by my lâns, hast oer my hinne
fierder rin ik fierder
sykjend om in plak út ‘e sinne
dy’t noch hieltyd skynt en laket
dizze jûn

wurger wurd ik wurger
alles draait yn my om
mar te benaud bin ik om my hjir del te jaan
en myn eagen ticht te dwaan
myn mûle is droech en myn holle bonket mar troch
ik wit wier net wêr’t ik nei ta moat
dizze jûn

dus rin ik fierder troch de fjilden
benauder noch as krekt
en oeral dêr’t ik stean bliuw
hear ik wer stimmen om my hinne
hurder draaf ik hurder
fierder foart fan alles
en de sinne skynt al net mear
dizze jûn
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1994

Language: Dutch

Appearing on: Medusa (1994)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found