Reboelje

Reboelje - de heit lyrics

Your rating:
ferdwaasd rinne se om
sy en de broer
yn de grutte stêd dy’t se útkame
sykjend om de heit
oeral klopje se oan
se freegje net, se freegje neat

se sjogge om en gean wer fuort
sykjend om de heit
se binne der wis fan dat er hjir wêze moat
hy, de Heit dy’t fuortgien is
sûnder wat te sizzen
run er fuort fan hûs en hiem

ek sy sille net weromkeare
en de hiele jûn troch sykje
oant se him fûn ha yn dizze stêd
hoe lang de nacht ek wêze sil
sûnder de Heit keare se ner werom
sa hawwe se dat sein tsjin de mem
dy’t har der al by deljûn hie
dat de heit net mear wêze soe

oeral gean se deryn
se freegje net, se freegje neat
se sjogge om en gean wer fuort
sykjend om de Heit

se binne der wis fan dat er hjir wêze moat
hy, de Heit dy’t fuortgien is
se binne der wis fan dat er hjir wêze moat
ek al twivele de mem
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1994

Language: Dutch

Appearing on: Medusa (1994)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found