Piter Wilkens
Piter Wilkens - mem har pop lyrics
Your rating:
Op de legere skoalle wie ik al sa ferlegen Ik kaam altyd mei wat skruten efteroan Fan kattekwea doarst ik net iens te tinken 'k Wie al benaud as master spruts op strenge toan Ik koe net leare, ik koe net sporte, ik hie gjin freontsjes, De grutste slappeling dy koe my slaan Mar thús by mem fielde ik my in keardel Thús by mem koe ik de moaiste spultsjes dwaan Ik bin in siel, in sloarm, in tomkesobber, In snotnoas, weak en tear en slop In suertsje, in seur, in sûch, in suffert, sêft en slûch Mar altyd mem har pop Fjin inkelde frou wol mei my troch it libben Omdat ús mem der altyd tusken sit En boppedat wit ik net iens wat ik dwaan moat As de frou in kwetsje it oan my oerlit It libben is hurd, mar stadichoan wurdt ik flinker Want ús mem, sy lit my no wat frij Myn jongere broerke is krekt trijentritich En hy nimt in hûd fol wurk no oer fan my (c) Piter Wilkins