Piter Wilkens
Piter Wilkens - Libje dyn libben goed lyrics
Your rating:
Juster hat west en tink net oan moarn libje dyn libben hjoed gjin dei wurdt ferpest, gjin dei is gewoan libje dyn libben goed Gelok sit dochs yn ûnferwachte dingen net yn status en yn skyn, djoere gouden ringen Wês bliid mei watst hast en fiel dat as goed libje dyn libben hjoed, libje dyn libben goed It hat wier gjin sin en sparje foar letter en sko it gelok mar wer fier foar dy út en hieltyd mar tinke: aanst wurdt it better foar hjoed en foar no jout dat gjin sprút Genietsje derfan, al falt dat net ta sjong mei mei dit liet, wy kinne wol wat ha Wês net sa benaud ris út 'e bân te springen je moatte al sa'n soad, it hâldt je yn 'e stringen Besykje it no, it fielt o sa goed Libje dyn libben hjoed, libje dyn libben goed wês bliid mei watst hast en fiel dat as goed libje dyn libben hjoed, libje dyn libben goed Elts tinkt fan himsels wy wurde wol tachtich dan ha 'k it oan tiid, mei 't wurk bin ik dan klear 'k ferkeapje de boel, en op reis, wakker prachtich mar foardatst it witst dan kin 't al net mear