Piter Wilkens
Piter Wilkens - IENFÂLDICH TRÛBADOER lyrics
Your rating:
Ik bin ienfâldich trûbadoer dooch fierders foar gjin inkeld ding en swalkje as aparteling de hiele ierde oer myn ferskes binn’ net fan komsa mar binne alles wat ik ha hear nei myn libbensfilosofy op dizze melody Do nimst wier neat mei fan watst hjir garre hast nee, do nimst wier neat mei ast nei de himel moast Petrus freget net hoe ryk ast bist asto by him foar de poarte stiest do nimst wier neat mei fan watst hjir garre hast Do waanst dysels in rike man mar libbest net, sitst op ’e pong it wurdt foar dy in lijensgong do krijst der krupsjes fan tefolle potsje is net goed en ’t hâld dy wier net út ’e noed want as dyn sûnens dy ferlit wat is dan dyn besit? en komst dyn âldelju dêr tsjin sille sy ek sizze, it hat gjin sin Ik bin gewoan mar trûbadoer ik ha my noait oan jild fertild ik libje frij, ha ’t romme fjild ’t is ien grut aventoer oer myn fermogen wier gjin frees de moaiste dingen binn’ fergees en makket dyn jild dy net bliid tink dan ris oan dit liet oer it grêf is alles dochs ferlern skink it in goed doel en oars de bern kinderen want do nimst wier neat mei fan watst hjir garre hast fan watst hjir byinoar skrabbe has