Piter Wilkens
Piter Wilkens - Ien bier lyrics
Your rating:
Tseard is 13 en syn heit is jierdei hjoed Tseard soarget foar de drankjes en dat slagget goed de lege fleskes set er moai werom yn 't krat mar earst wol efkes oan 'e hals, sa docht er dat mei al dy lytse flutsjes is Tseard wakker yn it spier ien bier Tseard is amper 14 jier, 't is sneontemoarn hy rommet thús de garaazje op, dat kin er skoan 't is simmer en it sintsje skynt, 't is waarm en near noch efkes dizze kast oan kant, dan is er klear dan pakt er út it kistje efter op 'e garaazjeflier twa bier Tseard is noch mar 15 jier, 't is freedtejûn hy hat nei 't iten, op 'e dyk syn maten fûn sy strune troch de buorren, dat is altyd raak en komme efterom by Hein syn grientesaak dan pikt er út it magasyn, de doar stie op in kier fiif bier Tseard is 16 en hast elke jûn op stap hy hinget dan oan d' ien en dan oan d' oare tap wat moat der fan him komme, nee dat wit gjinien nei syn skoaltiid hat er ek noch noait wat dien sy sizze dat er drinkt, mar Tseard seit: 'Hielendal net wier!' tsien bier Tseard helle syn rydbewiis mei d' earste kear en ek dat fan 'e frachtwein, it wie samar klear Jildou fan Hein grienteboer dat waard syn faam hy krige wurk yn Grou en hat gjin drip mear naam no op in truck fan Heineken rydt er mei plesier syn bier