Piter Wilkens
Piter Wilkens - De Tsiene lyrics
Your rating:
O, wat bisto moai, in skilderij, in plaatsje, in byldsje fan alloai o, wat bisto moai, al hast op reinich waar, skynber it oktroai ik bin oan dy ferslingere, ik bin der as ik kin dan fiel ik my al kening, as ik oer dy rin noait wat te ferliezen, ik mei it sa graach dwaan wat kin ik oer dy wâdzje, wat kin ik op dy slaan en wat der barre sil, do bliuwst wol yn 'e ploai ja o, wat bisto moai O, wat bisto sljocht, wa hat dit ea sa wollen, wa hat it sa betocht o, wat bisto sljocht, do joust ús sa 'n soad wille, do joust ús sa 'n soad nocht dyn meander is in keunstner, in skientmespesjalist de skiepkes dyn masseuzes, dyn skepper in stilist dyn âld en smûk dekor is iennich op 'e wrâld in stânbyld foar de minsken dy 't stean foar 't ûnderhâld troch it wetter fan de see bisto hjir ea brocht wurdst inkeld mar fiede, mei dong en himelfocht en o, wat bisto sljocht O, wat bisto grien, mannich held op sokken hat op dat hillich lekken stien o, wat bisto grien, foar it Sjûkelân yn Frjentsjer hasto nea ûnderdien ledekeatsen, merke, de tradysjes hâldsto fêst simmerdeis de drokte, winters yn 'e rêst smout sa by it doarp, leart elk bern it keatsen skoan en kin mei grutskens sizze: 'Ik bin in Tsiene- soan' it Wimbledon fan Marsum, foar my de nûmer ien sa 'n pronkje fan in fjild, sa 'n fjild hat wier gjinien tusken autodiken blinkend as in edelstien o, wat bisto grien