Piter Wilkens
Piter Wilkens - De hik lyrics
Your rating:
Yn in smûk ythúske, lekker út iten it like net sa mâl en ik bin sljocht op reade biten mar ferrek gjin stoer, gjin sint, 'k wie it jild wer fergetten en dêr wie de ober al, hy hie my blykber al sketten hy sei: 'Heeft het gesmaakt', mei sa 'n strange blik en ik ferslokte my yn it neigesetsje fan de skrik en ik sei: Ik tocht by mysels: 'Hoe rêd ik my hjir út?' 'k prate mei hannen en fuotten mar it joech my gjin sprút in frommes as in lôge sei: 'Hâld op mei dat geklei' 'Lit my mar betelje en kom mei my mei!' sy pakte my beet en luts my mei oan myn strik ik fûn it wol wat nuver mar ik kaam frij mei de skrik en ik sei: Op elts eagenblik krij ik de hik it komt altyd ûnferwachts en noait ris mei skik 't is in erflike tik, ja ik bin gauris fan 'e mik o help, help want ik stik alwer yn 'e . . . En dêr lei ik dan mei har ûnder in tekken se sei: 'Sis do mar neat, dan hoechst dy ek net te ferbrekken' sy wie sa waarm, sa sêft en net skruten sy wist krekt wat sy woe en ik krig' oeral dikke tuten sy struts my oeral en joech my hjir en dêr in slik ik wie der wat mei oan mar ik joech gjin kik ik sei: Dus bêste minsken doch mar krekt as dizze jonge bestel in ein hinne, sûnder pin as pas as ponge faaks is it lestich, mar foar my net mear sa kom ik yn swierrichheden, no dan hikkebik ik ta elts fynt it sneu, mar my jout it in kick ik doch faak sabeare, ik skik mei de hik en ik sis: