Piter Wilkens
Piter Wilkens - Daamsliepers (Amsterdam 25-08-1970) lyrics
Your rating:
Sy binne hjir oer en tefolle de hiele wrâld hat it fernaam sy hawwe it raar yn ’e holle dat langhierrige túch op de Daam sy dogge neat as provosearje mar binne no wol moai de klos want sy dy’t it strjitbyld skansearje dêr huft de Marine op los Sy prate en blowe en frije dogg’ fierder de hiele dei neat at sokken de macht ienkear krije dan komt it mei dit lân ferkeard ast net sjen kinst wa’t jonge of faam wat wurdt dit dan foar in maatskippij? en at der no al sa’n kloft oer de Daam dan komt der allinne mar bij It is hjir dochs ien en al wolfeart wêrom docht dan dy jongerein sa? sy bedriigje de gong fan ús rjochtssteat dêr ’t wy sa foar striden ha sy ha gjin respekt foar ’t ferline sy sliepe op in monumint en troch frjemde ideeën ferbline binn’ sy dwers sûnder wier argumint Sy kinn’ gewoan wurk net wurdearje sy doge net foar in systeem en dat wat sy mar propagearje is al like healwiis en ekstreem frijheid fan seks? wat in lijen! pasifisme? ’t stjonkt nei anargy en al har nije politike partijen: in gefaar foar ús demokrasy! De hiele wrâld sil it no witte wy tolerearje gjin opstokelers mear wy feie sy sa fan de strjitte mei wat kneppels is dat samar klear sy binn’ dochs te loai om te fjochtsjen dy ‘peace, love en hippie’-kultuer en troch no it skeel sa te sljochtsjen slaan’ wy net mear in modderfiguer