Piter Wilkens
Piter Wilkens - Ballade fan de wapene biddelman lyrics
Your rating:
De sinne stiet heech oan ’e loft de himel is blau de minsken wachtsje al sa’n skoft geduldich en trou foar deselde dêr’t men aanst op wurdt wakker mei konfetty struid se wiuwe nei in limûsine hawwe nearne noasje fan mar it is hielendal helder seit de biddelman De pantserweinen steane klear sjitte sa sûnder pardon út namme fan it nij regear mei in wetterkanon dan wurde alle minsken stil is de staasje kâld en kil libje hûnderttûzen slaven ûnder de ban it is hielendal helder seit de biddelman Myn stradivarius fan stiel helje ik út har etwy ik raas it út, mei hert en siel libje de anargy! hjir ha ’k op wachte, dagenlang gau spylje ik myn solosang in salvo yn stakkato ea krijt men der noasje fan want it is hielendal helder seit de biddelman No sil ik sjonge mei kleare stim ûnder it galgebynt o, folk, fermanje jim! oant harlekyn ferdwynt troch de hypokrisy en de skyn troch it pantser fan in limûsine bring ik in nije streaming as ik myn strykstôk span it is hielendal helder seit de biddelman