Meindert Talma
Meindert Talma - Sibbele Hietkamp (de bonte hond) lyrics
Your rating:
ik bin in âlderwetse boer dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân en melke doch ik ek noch altyd mei de hân foarhinne wie it boerelibben in frij libben mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle se neame my hjir de bonte hond want se smite alles mar by my del en ik ha it noait oan tiid om al dat guod goed op te stoken of op te rêden dat bliuwt derby, want arbeiders binne te djoer en de jonge bazen wolle net mear dat wie mei ús froeger wol oars, ik molk al om't leven doe't ik noch op 'e âld skoalle siet lêsten ha se my pakt mei de auto myn rydbewiis wie al sân jier ferrûn doe sei ik: 'jimme moatte oerjaan mei jimme grappen ik bin in âld man en ik haw it drok' ik wit wol al de dingen dy't net tastien wienen dat fûn ik moai, dat haw ik altyd dien mocht ik gjin hokken bouwe yn't lân dan kaam er op elk lân in grut hok te stean ik bin in âlderwetse boer dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân en melke doch ik ek noch altyd mei de hân foarhinne wie it boerelibben in frij libben mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle der sil wol in boere-oarloch komme moatte ik fyn de ambtenaren moatte allegear mar yn in strafkamp want se binne ús te lêstich of se moatte se mar dumpe yn 'e Lauwerssee. ambtenaren haw ik altyd min lije mochten ik bemoei my net mei in oar en sy sitte altyd mar op ús om te seuren altyd mar sjen of se wat fine kinne ik moat der mar ris ien fan kant meitsje want dat is der altyd ientsje minder dan moat ik it lêste skoftsje mar bromme dat is hast better as wat ik no ha lêst wienen dy miljeumannen hjir wer ik sei: 'wêr bemuoie jimme jim no mei, man?' ik sei: 'ik bin op wei nei de toer dêr bin ik my hiel goed bewust fan' ik bin in âlderwetse boer dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân en melke doch ik ek noch altyd mei de hân foarhinne wie it boerelibben in frij libben mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle se dogge mei it boerke wat se wolle... ik bin in âlderwetse boer dy't it allegear noch docht op de âlderwetse toer in goeie rûchskerne en de stront op 'e tiid oer it lân en melke doch ik ek noch altyd mei de hân foarhinne wie it boerelibben in frij libben mar hjoedtedei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte ambtenaren se skite ús ûnder en se dogge mei it boerke wat se wolle