Meindert Talma

Meindert Talma - Hippert Hipe lyrics

Your rating:

De sinistere fugelkop fan Jelke 
Foar syn grutte bek en driigjende ferskyning 
Deinsden al myn maten snel tebek 
Hy skopte hurd, ik wie te let 
Yn myn bline bangens sprong ik rjocht yn in stjonksleat 
In groppe fierder smiet ik myn 
Benaudens yn in skreau fan freugde wei 
Ik dream it nei en it wurdt wei 

Eltse dei fuotbalje en sleatsjespringe 
Yn grutte griene learzens 
It fjochtsjen mei de openbare stjonksigaren 
Oant de bloedkoeken harren op de plasse stie 

De sliding fan Dick Schoenaker, de skjirre fan Tscheu La Ling 
Foar it husbesite fan in alderling 
De Heare Jezus is Dick Passchier 
Mei syn gulle laits en syn swart boskje hier 
Sloop John B. fan The Beach Boys is pakkende gospelsjongerij 
Troch de Feanster Shalom Singers 
Yn konvinsjonele hippykledei 
Ik dream it nei en it wurd wei 

Hippert hippert hipe hoenear silstu lipe 
Yn maaie, yn maaie as alle fugeltsjes kraaie 
Dan komt Jan mei it skerpe mes, hy sil dy de kop ofdraaie 
Heal of, hiel of, fluite fluite fljoch der of
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Western Frisian

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found