Jan Tekstra
Jan Tekstra - It wetter lyrics
Your rating:
Ik stoarje oer it wetter, dat lyk as ik, ea yn beweching wie Peilderdjip en driigjend swart, krekt as wat der yn dyn eagen stie Lauwerblyn lyk as in mol dat is wat ik wol, hmm Om mar net te hearren of te sjen dat alles is ferlern sûnder dy kin ik net Iten, sliepe, rinne, dûnsje, libje En dus bliuw ik hjir no sitten Bliuw ik hjir no wachtsjen oant it wetter ea wer yn beweching komt en dan driuw ik sa, oant de see ta wersto op my wachtsje silst De loft is licht en sûnder ein en sa fier boppe my ûnoantaastbar en dochs sa tichtby lykas dy It is yn de loft te lêzen mar op myn lippen is befêrzen sûnder dy kin ik net Iten, sliepe, rinne, dûnsje, libje en dus bliuw ik hjir no sitten en bliuw ik hjir no wachtsjen oant it wetter ea wer yn beweching komt en dan driuw ik sa, oant de see ta wersto op my wachtsje silst