Jan Tekstra
Jan Tekstra - ferske foar de nijling lyrics
Your rating:
Is der immen dy’t dy sein hat dat it griene gers keunstmjittich is dat der ea in see fan blommen wie de sleatswâl fol mei bargebek en bollepysten stie Is der immen dy’t dy sein hat dat de bank it hûs betellet en de boat dat wy oan ien wei efter ússels oan jeie by die en by nacht wurkje as dat moat desnoads Dit is in ferske, in ferske foar de nijling Is der immen dy’t dy ferteld hat oer de iensumens yn dizze lúkse drokke wrâld dat minsken stil ferstjerre trije heech wy net witte oft in went’ bewenne is of leech Dit is in ferske, in ferske foar de nijling Is der immen dy’t dy ferteld hat oer de habsucht yn ús holle is der immen dy’t dy sein hat dat wy nettsjinsteande alles wat wy hawwe noch folle folle mear ha wolle? Dit is in ferske, in ferske foar de nijling