Fokke de Groot

Fokke de Groot - Werom fan 'e See lyrics

Your rating:
Yn in kâlde winternacht, in boat brocht syn fracht
Oer weagen heger as in hûs         
Neptunus, Beaufort, makken stoarm mei-elkoar 
It wie oars net as ien grut gebrûs
 
De boat, hast in wrak, wie skansearre en swak
Hy kreake, it koe hast net mear
Mei noch gjin haven yn 't sicht die er moedich syn plicht
Soe er it helje dizze lêste kear?
 
Bring har werom, werom, werom fan 'e see
Himel genede, we bin' noch net ree
Bring ús werom, werom, werom fan 'e see
Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see
 
Wylst efter by 't fabryk, wie it merke gelyk
Lâns de seedyk, in kommen en gean                               
De rêdingsboat klear of hoecht it net mear?      
It lot fan mannich fiskersbestean?
 
Mar healwei it gefjocht, joech de fjoertoer syn ljocht 
Bemanning en kaptein wer moed
Al brûke jo 't ferstân, leit it libben yn Gods hân 
It seemansskip sit yn it bloed
 
Bring har werom, werom, werom fan 'e see
Himel genede, we bin' noch net ree     
Bring ús werom, werom, werom fan 'e see
Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see
 
Yn 't iere dageljocht, kaam in ein oan de tocht          
Sa goed en sa kwea by d'âld' slûs
Wer werom út de hel, joech de wyn him pas del
Koe men wier dan einlings nei hûs?
 
It wie glûpende kâld, dêrom tankber foar 't behâld  
En de treast dy't hja by elkoar fûn
It moreel bleau dochs heech, wie it tsjuster en dreech 
Mar hope en 't herte ha wûn
 
Bring har werom, werom, werom fan 'e see
Himel genede, we bin' noch net ree            
Bring ús werom, werom, werom fan 'e see
Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see   
Bring har werom, werom, werom fan 'e see
Himel genede, we bin' noch net ree           
Bring ús werom, werom, werom fan 'e see
Nei fêste grûn, en sûn fan 'e see
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: Fokke de Groot

Composer: Fokke de Groot / Liam Clancy

Publisher: Soulmate Records

Details:

Language: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found