Fokke de Groot
Fokke de Groot - Sûnder Muzyk lyrics
Your rating:
Jo kinn' 't sa raar wier net betinke Of it no nij is of autentyk Wat soe de minsk' hielendal wêze, wêr soe er wêze; sûnder muzyk? Wat soe de minsk' hielendal wêze, wêr soe er wêze; sûnder muzyk? It lytse bern hippelet om 'e widze Alhiel noch frij fan wat selskrityk Soe har libben oars ferrinne, soe it kinne; sûnder muzyk? Soe har libben oars ferrinne, soe it kinne; sûnder muzyk? Underweis en yn de file Op 't kantoar of yn it fabryk Soe de produksje dan ek sakje, dan net sakje; sûnder muzyk? Soe de produksje dan ek sakje, dan net sakje; sûnder muzyk? Foar it sliepen noch in lêste plaatsje As it tiid is foar romantyk Wat soe de romantyk dochs wêze, hoe soe it wêze; sûnder muzyk? Wat soe de romantyk dochs wêze, hoe soe it wêze; sûnder muzyk? Wêr't jo hjoeddeis sa al komme Op de merke, yn de kleanbûtyk Soe de ferkeap wier sa sakje, sa fier sakje; sûnder muzyk? Soe de ferkeap wier sa sakje, sa fier sakje; sûnder muzyk? Einliks kin de wrâld net sûnder Wie it gjin dûnsjen, sjoch nei de Gryk Sis, wat is no de sirtaki, de sirtaki; sûnder muzyk? Sis, wat is no de sirtaki, de sirtaki; sûnder muzyk? Sa kin in feest op-en-út net sûnder Jo kinn' 't besykje, al hoe sympatyk Jo kinne it gjin feest mear neame, der is gjin feest; sûnder muzyk Jo kinne it gjin feest mear neame, der is gjin feest; sûnder muzyk Op de ein as it dan sa fier is Dat 's noch altyd foar elkenien lyk Lit it ôfskie net foarby gean, dan net foarby gean; sûnder muzyk Lit it libben net foarby gean, 't is deasûnde; sûnder muzyk!