Fokke de Groot
Fokke de Groot - Op Ald' Redens lyrics
Your rating:
't Is glûpende kâld, it friest no dat it kreaket Dize dauwet yn it lette skimerljocht 't Is in ferrekt hiel ein, no noch nei Ljouwert It begjin fan 't ein, d' Alvestêdetocht Glide troch it lân, oer sleatt'n en marren Gjin kjeld of wyn, neat dat ús keart We sette troch, op ús âld' redens Ja, men sjocht ús wer, op 'e Bonkefeart! Ea hie 'k in faam (ea hie'k in faam), 'k seach har wol sitten ('k seach har wol sitten) Mar op 'e ein (mar op 'e ein) seach se my net stean Gie d 'r fan troch mei in glêde glider Op 'e nijste Noaren, fan it Hearrenfean Glide troch it lân, oer sleatt'n en marren Gjin kjeld of wyn, neat dat ús keart We sette troch, op ús âld' redens Ja, men sjocht ús wer, op 'e Bonkefeart! As ik 't bestjer (as ik 't bestjer), de ein net helje (de ein net helje) Se helje my (se helje dy!) heal dea fan it iis Dan hast it krúske ek net fertsjinne Mar in echte Fries, jout gjin belies Glide troch it lân, oer sleatt'n en marren Gjin kjeld of wyn, neat dat ús keart We sette troch, op ús âld' redens Ja, men sjocht ús wer, op 'e Bonkefeart! Glide troch it lân, oer sleatt'n en marren Gjin kjeld of wyn, neat dat ús keart We sette troch, op ús âld' redens Ja, men sjocht ús wer, op 'e Bonkefeart! Jim sjoch' ús wer, op 'e Bonkefeart!!