Fokke de Groot
Fokke de Groot - Ik Bin It Leafst By Dy lyrics
Your rating:
Somtiden is’ t in wûnder hoe’t it rint Liket dat alles is foarbestimt No 'st neaken dûnsest hjir yn myn himd Ik bin it leafst by dy Koesterje de oeren sûnt ik mei dy bin Fiel ek oan dy do hast it nei dyn sin Merk oan de wurden dy't ik tsjin dy sis No dat ik neist dy lis Do bist it moaiste dat ik ienris fûn Winskje dat it ek sa fielt foar dy Lit it foar ivich duorje dizze jûn Foardatst it wist is it foarby Iens komt in dei dat ik der net mear bin It ienichste dat oerbliuwt is myn stim Faaks is myn wrâld dan wol fan soargen frij (Mar betink) 'k wie it leafst by dy Do bist it famke dat ik altyd socht Kloppet myn hert as wie it nij 'k Lês yn dyn eagen en al wat ik sjoch Do hâldst ek fan my Kom leafste lit ús dreame sûnder wurd Fan it mearke dat bysûnder wurdt As aanst de sinne ek ús tsjûge wurdt Hâld ik it meast fan dy Ik bin it leafst bij dy