Fokke de Groot
Fokke de Groot - Farwol Jehannes lyrics
Your rating:
’t Is op ‘e kop ôf tweintich jier ferlyn, ik pakte tear har hân Se tute him, har iennichst soan, gong nei in hiel fier lân Se knypte my sa heal wat fyn doe’t tiid wie om te gean De lêste wurden fan ús mem dy koe’k mar krekt ferstean Farwol Jehannes jong, al bist sa fier fan’t honk Ferjit dochs nea dyn leave memke dy’t dy it libben skonk Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet ’t Is in ôfskie fan in prachtich plakje en fan freonen fan myn hert Farwol Jitske, ‘k bin wisberet no My werom sjen dat silsto net Farwol Jehannes jong, al bist sa fier fan’t honk Ferjit dochs nea dyn leave memke dy’t dy it libben skonk Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet O, myn memke, myn ynleaf memke, jo ferjitte sil ik nea Myn hert gûlt ek, mar moat wier gean no Groetsje jo foar de lêste kear Farwol Jehannes jong, al bist sa fier fan’t honk Ferjit dochs nea dyn leave memke dy’t dy it libben skonk Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet ’t Wie in ôfskie fan in prachtich plakje en fan freonen fan myn hert Farwol Jitske, ‘k wie wisberet no Dy werom sjen dat soe ik net Farwol Jehannes, jong, al bist sa fier fan’t honk Ferjit dochs nea dyn leave memke, dy’t dy it libben skonk Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet