Elske DeWall
Elske DeWall - Dûnsje my de leafde út lyrics
Your rating:
Dûnsje my dyn moaiste leafste fjurrichste djipte yn Dûnsje my de eangst foarby en bring my feilich binnen Flean mei my de loft yn as in fûgel mei syn bút Dûnsje my de leafde út Dûnsje my de leafde út As elkenien nei hûs ta giet us duns noch oeren troch Lit my sjen wat nimmen oars noch fan dy tinke mocht Lûk my oer de grinzen fan dyn alderlêste tút Dûnsje my de leafde út Dûnsje my de leafde út Dûnsje oant wy trouwe, dûnsje oant in nij begjin Dûnsje my mei soarch en dûnsje oant ik neat mear kin De leafde oer of ûndertroch, wy nimme gjin beslút Dûnsje my de leafde út Dûnsje my de leafde út Dûnsje my dyn moaiste leafste fjurrichste djipte yn Dûnsje my de eangst foarby en bring my feilich binnen Pak my mei dyn bleate hân en triuw my foar dy út Dûnsje my de leafde út Dûnsje my de leafde út