De Kast
De Kast - Pake syn wein lyrics
Your rating:
Ik seach okkerdeis in foto fan in âld Dauphine, pake syn wein En ik tocht by my sels hoe koene wy der ea yn, yn pake syn wein Ik moat laitsje as ik wer werom tink oan dy tiid It wie pake's earste auto en wat wie er bliid Hy siet grutsk efter it stjoer mei in grouwe sigaar, yn pake syn wein, pake syn wein En oan 'e ein fan de rit allegear mislik en raar yn pake syn wein, pake syn wein Broer en ik sieten tusken beppe en mem yn Op 'e efterbank, en sy drukten ús hast fyn Heit lies de kaart en stiet neist pake moai rom Mei suske op skurte, wy hiene kwalik gong As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein Yn pake syn wein, pake syn wein Beppe stonk nei klonje en heit stonk nei Fresh-up Yn pake syn wein, pake syn wein Mar it rútsje mocht net iepen want dan siigde it te bot Yn pake syn wein, pake syn wein Mem hie de júns tefoaren broadsjes smard Dus ite, ite, ite, ja se hold ús koart Mar wy hien Exota foar de hiele dei En wy krigen faaks in iisco dus wy woene altyd mei As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein Yn pake syn wein, pake syn wein Wy songen âlde ferskes en wy laken hiel wat ôf Yn pake syn wein, pake syn wein Fan Heit syn flauwe grappen krigen wy mar net genôch Yn pake syn wein, pake syn wein Om it hoartsje stopje omdat der ien sa noadich moast Efkes gau yn 'e berm mar úteinlik doch net doarst Mar dan koene dochs de skonken even rjocht En "plank gas pake" en fierder mei de tocht As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein Yn pake syn wein, pake syn wein Ja it wie doe wol in moaie tiid, yn pake syn wein, pake syn wein De simmers wiene lang en Fryslân wiid, yn pake syn wein, pake syn wein In hiele dei klam foar in kertierke bosk as strân Brodzich en gear mar we ha it moai hân En ik fielde my feilich en as in kening sa ryk Want ús pake hie in auto op 'e dyk As it moai waar wie en it wie snein, dan giene we te riden in hiel ein Yn pake syn wein, pake syn wein